Riedslid ferfolge foar dea troch skuld by brân Kelders

Ljouwerter riedslid Wyb Feddema fan Gemeentebelangen moat ferfolge wurde foar dea troch skuld by de grutte brân yn Ljouwert yn 2013. Dat hat it gerjochtshôf bepaald. Feddema wie hierbaas fan de 24-jierrige studint dy't by de brân op de Kelders om it libben kaam.
Neffens it hôf is Feddema net skuldich oan de oarsaak fan de brân, mar hat hy al te min dien om it gebou brânfeilich te meitsjen. De âlden fan it deadlik slachtoffer fûnen it net korrekt dat Feddema dêr net foar ferfolge waard en tsjinnen in klacht yn by it gerjochtshôf.
Dy giet dêr yn mei en giet no dochs oer yn in strafrjochtlike ferfolging. Feddema wurdt bystien troch de Fryske advokaat Tjalling van der Goot fan advokatekantoar Anker& Anker yn Ljouwert.