Hylper leginde 'Ame Gijs' wurdt nij libben ynblaasd

De hân fan Ame Gijs
De leginde fan it âlde wyfke 'Ame Gijs' yn Hylpen wurdt nij libben ynblaasd. De byltenis fan Ame Gijs sil fan sneon ôf wer yn it wetter te sjen wêze. Yn de leginde wurde bern dy't te ticht by de wetterkant komme warskôge mei de opmerking: "Net te ticht by it wetter! Oars wurdst troch 'Ame Gijs' deryn lutsen."
Ame betsjut beppe yn it Hylpers. Op hokker wize se yn it wetter te sjen wêze sil, wurdt troch de betinkers noch geheim hâlden. Mar der wurdt in knypeach jûn nei it plan dat alle alve Fryske stêden foar 2018 in fontein ha moatte.
It is in inisjatyf fan Gertjan Groenendijk yn gearwurking mei Hylper keunstskilder Harmen Glashouwer en keunstner Theo Schouten. De ûntbleating wurdt dien troch topkok Joop Braakhekke.