Plysje Ljouwert trappearret twa drankriders

Miksdrank © Omrop Fryslân
Twa Ljouwerters binne yn de nacht fan moandei op tiisdei harren rydbewiis kwytrekke om't se mei drank op rieden. De ien siet achter it stjoer fan in auto, de oare ried op de brommer.
In 25-jierrige automobilist waard op de Willem Lodewijkstrjitte oan de kant set. Letter yn de nacht wie in 20-jierrige brommerrider op de Willemskade oan de beurt. Beide begjinnende bestjoerders moatte harren meikoarten ferantwurdzje foar de plysjerjochter.