Rekôrtal besikers by Glemmer Beach

It trijedaagse strânfestival Glemmer Beach hat it ôfrûne wykein in rekôrtal besikers lutsen. Mei-inoar kamen der 25.500 minsken op ôf.
De freedtejûns luts de measte besikers, doe joech Marco Borsato in optreden, mei De Kast en Twarres yn it foarprogramma. By it optreden fan de band Kensington op tongersdei kamen ek in soad minsken.
Mear as 5.000 bern ha meidien oan Kids Glemmer op sneontemiddei. Sy koene har ûnder oaren útlibje op springkessens en meifarre yn in rêdingssloep.