Liesette Bruinsma: "Ik bin blyn. No en?"

Fryslân hat mar leafst njoggen sporters dy't nei de Paralympyske Spelen yn Rio de Janeiro tagean. Alle dagen stelle wy ien fan dizze topsporters oan jo foar.
In supertalint yn it swimmen. Europeesk kampioen op de 100 meter skoalslach, 400 meter frije slach en de 200 meter wikselslach. Se hat mar leafst trije wrâldrekôrs yn hannen. We komme yn ’e kunde mei Liesette Bruinsma. De Wommelser moat noch 16 jier wurde mar jildt yn har S11 klasse as ien fan grutste favoriten foar in gouden medalje.
Mei in oansteklike laits einiget Liesette hast alle sinnen dy’t se útsprekt. Se gniist der oer wannear’t se foarútsjocht op wat kommen giet: Rio de Janeiro. “Sa no en dan haw ik noch net echt yn de gaten hoe grut it is. Ik tink dats’t dat pas troch hast as ik ek echt troch it Olympysk doarp rin.”
Dêr begjint fuort ek ien fan de grutste skaadkanten fan Liesette har dielname oan de Spelen. Se sil der neat fan sjen kinne. Dat is al sa sûnt se berne waard. “Ik fyn it belangryk dat minsken my net sjogge as in paralympiër mei in beheining. Ik lit my net beheine. Ik haw in hendikep omdat ik net sjen kin, mar doch fierder gewoan alles wat ik dwaan wol. Dêryn lit ik my net beheine yn it libben”. Dúdlike taal. Liesette laket hurd as it giet oer har hendikep. “Ik kin der altyd wol grapkes oer meitsje. Dan sis ik: oant sjen! of ‘ja dat sjoch ik wol sitten’ en ‘earst sjen, dan leauwe.”
Liesette docht yn Rio de Janeiro mei op alle ûnderdielen fan har klasse. It giet dan om de S11 klasse. “Der binne 14 klassen foar swimmers mei in hendikep. Ien oant en mei tsien is foar swimmers mei in hendikep. 1 is it lichtste, 10 it swierste. Dan komme de klassen foar blinen. Dat giet fan 11 oant 13. Ik swim yn klasse 11.” It hâldt yn dat se yn teory mei seis medaljes thúskomme kin. “Ik swim de 100 meter rêchslach, 400, 100 en 50 meter frije slach, de 100 meter skoalslach en de 200 meter wikselslach. In prinsipe ha ik de measte kâns op de 100 meter skoalslach, de 100 frije slach en de 50 frije slach, want dêr haw ik no in wrâldrekôr.”
Net eltse swimmer dy’t meidocht is folslein blyn. Dêrom krije de dielnimmers allegearre in swarte dûkbril dêr’t se neat trochhinne sjogge. It is ek net maklik, blyn swimme. “Om foar te kommen dat ik alle kearen wer yn it swimbad tsjin de kant oan bots krij ik in tik mei in stok op myn holle. Dêr sit in sêft baltsje oan. As ik dat fiel dan wit ik dat ik noch twa slaggen meitsje moat foar it kearpunt komt of foardat ik finishje. Mar ik bin wol ris tsjin de kant op botst. Dat is ferfelend, benammen as it sear docht. Ik ha der bygelyks wol ris in harsenskodding oan oerhâlden. Mar myn konkurrinten hawwe it ek en dit heart der foar ús by. Dat makket it ek wol wer bysûnder. It is net allinnich hurd swimme, it is ek trochsette."
Njonken in gouden medalje (dat ha ik leaver as myn hiele libben lang wer sjen kinne) is der ek wat oars dat Liesette graach meimeitsje wol op de Paralympyske Spelen: In besite oan it kristusbyld. “Blyn of net, ik tink dat ik der in soad fan meikrij. Der komt dan in soad op dy ôf. Ik fyn it bysûnder dat ik sizze kin dat ik dêr oan de oare kant fan de wrâld west ha. Eltsenien hat it altyd oer dat byld. Dan kin ik straks ek sizze: dêr ha ik west.”
De Paralympics begjinne 7 septimber, Liesette Bruinsma sil 9 septimber foar it earst yn aksje komme.