Man rint mei taser en xtc-pillen oer festivalterrein Psy-Fi

© ANP XTRA
In 30-jierrige man út Breda is snein op it festivalterrein fan Psy-Fi oanhâlden om't hy in taser en meardere soarten drugs by him hie. De man wie earder al fan it terrein yn de Griene Stjer by Ljouwert ôf stjoerd om't hy him net oan de regels hold.
Doe't hy middeis dochs wer op it terrein sjoen waard, helle de organisaasje de plysje derby. Dy fûn de taser en de drugs, wêrûnder tsientallen xtc-pillen. It guod is yn beslach naam. De man sit fêst foar fierder ûndersyk.