ONS Snits wint Fryske derby fan Harkemase Boys

ONS Boso Snits hat sneon de Fryske twastriid mei 1-0 wûn fan Harkemase Boys. Yn in lykopgeande wedstriid moast it publyk lang op de iepeningstreffer wachtsje. Op eigen fjild sette Ale de Boer de Snitsers mei in kopbal yn de 54e minút op foarsprong. Harkemase Boys wie net by machte om de lykmakker op it boerd te setten. Dêrmei pakte de ploech fan trainer Richard Karrenbelt fertsjinne de trije punten. It is it earste ferlies foar Harkemase Boys yn de tredde difyzje.
It wie de 72e kear dat beide Fryske ploegen inoar troffen.