Kollum: "Gay Pride yn Drachten"

Botte Jellema is freelance sjoernalist en wurket foar ferskate omroppen op Radio 1 en foar Omrop Fryslân. Hy komt út Loaiïngea en wennet yn Amsterdam. De kollums fan Botte gean oer wat hy meimakket en wat him fernuveret yn it deistich libben en yn de media. Hy is te folgjen op Twitter.
"Goeiemoarn. Hjoed is de Gay Pride fan Drachten! Teminsten, dat wie de bedoeling. Wilfred Spronk, alias DJ Wilfred hat it betocht, mar krige úteinlik gjin fergunning fan de gemeente op sa’n koarte termyn, dus it wurdt no takom jier.
In Gay Pride yn Drachten. As homo folgje ik al it gay nijs sa’n bytsje, en ik kin sizze dat Drachten lanlik gay nijs wie. Alwer.
Want it is noch gjin jier lyn dat in studint út Grins probearre om by agraryske gruthannel De Boer út Drachten staazje te rinnen. Mar doe’t De Boer seach dat de studint mei syn freon op 'e foto stie op Facebook, wegere it Drachtster bedriuw de stazjêr. Omdat hy homo is.
It waard in rjochtsaak, dy’t kânsleas wie foar De Boer, en it hat se mear as twatûzen euro koste. Plus hannel, want de gemeente Smellingerlân woe ek gjin saken mear mei se dwaan. Terjochte, it is 2016 en sels as je dat neat skille kin, dan hoege jo as skiepke fan de Herder net foar him te oardieljen.
Der wie yn homolân dan ek aardich wat skepsis oer it inisjatyf fan in Gay Pride yn Drachten.
De DJ hie ek al in playlist klear. De homo-100… mei …
[Dancing queen]
[YMCA]
en fansels
[Why tell me why]
… k*tmuzyk. Sorry. En de grutste klisjees út de homowrâld.
Op Twitter fregen lju harren ôf as it net promoasje fan Drachten en de Drachtster Feart wie, oer de rêch fan de LHBT’s. Op Facebook sei ien dat it wol wat raar is dat dit net troch in drag queen opset is, want dat wie dochs hoe’t it ea foar de Gay Prides begûn mei de Stonewall-rellen yn New York. En wêr is it boadskip fan homo-emansipaasje, de gearwurking mei COC Fryslân, Tûmba, en neam it mar op…
Ik wit it ek net hear. DJ Wilfred woe in leuk feestje, mar it moast gjin Sodom en Gomorra wurde, sa sei hy tsjin de Drachtster krante. Pynlik, want it skelwurd 'mietje' is ôflaat fan it wurd 'Sodomie', wat stiet foar sûndige seksuele kontakten, en ek gauris homoseksualiteit. It komt noch út de yn Drachten kapot lêzen bibel, ek. Unhandichheidsje fan de DJ…
By it Facebookevenemint fan DJ Wilfred stiet ek hast neat oer emansipaasje, homorjochten of -akseptaasje. As de Drachtster krante freget as it inisjatyf te krijen hat mei it akkefytsje by De Boer, ûntkent hy dat sterk.
Dus, wêr giet dit oer.
En doch. Dochs tink ik: lit dit mar gebeure. Lit mar in pear boatsjes troch dat kristlike Drachten farre. Lit mar ris sjen wêr’t dit oer giet. Dat homo’s gewoane minsken binne. Dat se dyn buorjonge, neef, nicht en ek soan of dochter wêze kinne. Dat it hiel raar is om negatyf, ôfwizend of sels agressyf te dwaan oer eat dat oer leafde giet.
Sneon 15 july 2017, dan sil it heve. Gay Pride yn Drachten. Set mar troch, DJ Wilfred. En dy k*tmuzyk oerlibje we wol."