Maksimale taakstraf easke tsjin Ljouwerter dief

Justysje © Omrop Fryslân
In 38-jierrige ynbrekker út Ljouwert moat fan de offisier fan justysje in maksimale taakstraf fan 240 oeren en in selstraf ûnder betingst fan fjouwer moannen krije foar in searje ynbraken yn auto's en in kafee yn Grins. De man stapte op 14 maaie nei de plysje om himsels oan te jaan.
Drugsferslaafd
De drugsferslaafde man wie earder fan Ljouwert nei Grins gien om oan syn dealers te ûntkommen. Mar op 20 maart gie it dêr mis, de man bruts in gokkast iepen en naaide út mei it jild. Op 17 april bruts de man yn by meardere auto's en naaide út mei sinnebrillen en navigaasjesystemen.
Klinyk
Fan de opbringst kocht de Ljouwerter drugs. Hy sit mominteel fêst yn in klinyk yn Beilen om fan syn ferslaving ôf te kommen. De rjochter docht meikoarten útspraak.