Earste fitaliteitsscan Noardeast-Fryslân publisearre

Noardeast-Fryslân bliuwt ekonomysk kwetsber, mar de yndustry docht it boppegemiddeld goed. Dat konkludearret de Fryske Akademy yn de earste fan fjouwer fitaliteitsscans fan de regio. Oant en mei 2019 ûndersiket de Fryske Akademy in ekonomyske sektor yn Noardeast-Fryslân. De primeur wie foar de yndustry. Nettsjinsteande dat de befolking krimpt en dat de wurkleazens tanaam is yn it gebiet, prestearret dizze sektor goed, neffens de ûndersikers.
Sa lei de winst boppe it lanlik gemiddelde en waard der ek mear ynvestearre as yn de rest fan it lân. Wol hat de Fryske Akademy noch in advys: sykje gearwurking mei kânsrike sektoaren lykas de itensyndustry of de metaalniverheid.