Klapper fan twa ton yn kasino
In 56-jierrige man út Ljouwert hat moandeitejûn mei in ynset fan 1,50 in klapper fan 200.000 euro makke op in spylautomaat yn it Holland Casino yn Ljouwert.
De winner woe it earst net leauwe dat er wûn hie, hy tocht dat it om in grapke gie. De lêste kear dat der in jackpot op in spylautomaat foel, wie yn septimber 2010. Doe wûn in echtpear 1,2 miljoen euro.