"Slachtoffers sjarterûngelok Harns komme net út Amberg"

De ôfbrutsen mêst op de Amicitia soarge foar trije deaden © Jaring Rispens
Der is ûndúdlikheid ûntstien oer de identiteit fan de trije slachtoffers by it deadlik ûngelok by it sjarterskip yn Harns. Dat meldt de Dútske krante de Mittelbayerische. De plysje melde earder dat it gean soe om trije slachtoffers út Amberg. Neffens de krante is dat net it gefal. De manlju komme út Mölsheim, Neubrunn en Schiffweiler. De trije manlju út Amberg wienen der wol by doe't it ûngelok barde, mar sy rekken net ferwûne.
De plysje hat neffens de krante ekskuzen oanbean foar de ferkearde ynformaasje.