Houlik Syb en Adriana ôfsein
Sjonger Syb van der Ploeg hat syn houlik ôfsein. Dat hat it management fan de frontman fan De Kast moandei befestige. Syb soe takom wykein trouwe mei syn 18 jier jongere freondinne Adriana, mar dat giet dus net troch.
De reden is net bekend makke en de 45-jierrige sjonger sels is net berikber foar kommentaar. Syb kaam ferline jier noch yn it nijs neidat er oppakt wie, omdat er syn freondinne mishannele hawwe soe. Dy saak is úteinlik seponearre. De twa hawwe sûnt 2010 in relaasje.