COA stelt iepening azc Balk opnij út

Ynrinbyienkomst oer it azc yn Balk © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
De iepening fan it asylsikerssintrum yn Balk wurdt opnij útsteld, meldt it COA. By de bou fan it azc hat bliken dien dat de wetterliedingen fersmoarge binne. Earder waard dêrom de iepening fan it sintrum al in wike útsteld. Ferwachte wurdt dat de earste asylsikers no begjin septimber nei Balk komme.
It giet earst om in groep fan hûndert asylsikers. Dat tal wurdt letter útwreide nei fiifhûndert minsken.