Grutte brân yn Drachten, asbest frijkaam

Yn twa garaazjeboksen oan de Schwartzenberghlaan yn Drachten is woansdeitemiddei in fikse brân ûntstien. Ien garaazjeboks is folslein ôfbrând. De twadde boks hat flinke skea oprûn en yn it efterlizzende hûs is flinke reekskea. De brânwacht warskôget foar stevige reekûntwikkeling en ropt minsken yn de buert dêrom op om ruten en doarren ticht te hâlden. Der is gjin gefaar mear dat de brân oerslacht nei wennings yn de buert. Wol is der asbest frijkaam, de brânwacht ûndersiket de krekte omfang fan it gebiet.
Om healwei fjouweren hinne ûntstie brân yn ien garaazjeboks. De flammen sloegen al rillegau oer nei in oare garaazjeboks. By de brân binne ferskate knallen heard. Mooglik feroarsake troch gasflessen dy't yn de garaazjeboks stienen. De brânwacht skaalde op nei middelbrân en stjoerde twa blusweinen nei de brân. Letter op de middei koe de brânwacht it sein brân master jaan. Der binne gjin minsken ferwûne rekke by de brân.