Bewenners De Fryske Marren kinne meiprate oer ynrjochting

© De Fryske Marren
Ynwenners fan De Fryske Marren meie de kommende tiid meiprate oer de ynrjochting fan har leefomjouwing. It giet dan om saken as ferkear, natuer, lânbou en kultureel erfgoed. De gemeente is dwaande mei it opstellen fan in omjouwingsfisy, dêr't regels ynkomme oer wat der wol en net mei.
Ynwenners meie dêr har sechje oer dwaan. Dat kin by ynspraakjûnen, mar ek digitaal. Dêrneist sille bern út it fuortset ûnderwiis by it proses belutsen wurde.