Roelof Bouwmeester: "Opluchte en sa bliid, sa bliid"

"We bin echt opluchte en echt hiel bliid." Roelof Bouwmeester, broer en trainer fan Marit Bouwmeester, sei dat fan it strân yn Rio de Janeiro. Syn suster Marit Bouwmeester wûn dêr goud. "It wie noch echt hiel spannend. Dat hiene we leaver net, mar dêr prate we oer tsien jier echt net mear oer. Hjir ha we it allegear foar dien en dus binne we ek echt opluchte."
"Se hat no allegear plichtplegingen en dêrnei sille we sjen oft we mei de famylje noch wat dwaan kinne of dat se noch allegear parseferplichtings hat." Ek heit Jeen en mem Klaske Bouwmeester wiene yn Rio. "Oft dy wat nuchter binne no? Mwa, de emoasjes binne der no wol, hear", seit Roelof.
Mis neat fan de Olympyske Spelen: folgje ús liveblog en al it nijs op http://www.omropfryslan.nl/os of op de Omrop-app.