Mid-Fryslân komt te koart

Kuorbal © ANP XTRA
Mid-Fryslân hat op eigen fjild mei 15-13 ferlern fan Blauw Wit. Yn Reduzum begongen de gasten út Amsterdam sterk oan de wedstriid. Mid-Fryslân gong mei in 9-6 efterstân de klaaihokken yn.
Yn de twadde helte kaam de ploech fan trainer Peter Tolsma sterk werom oant 10-10. Dêrnei heakke de ynhelrace en makken de Amsterdammers dien wurk. Troch it ferlies stiet Mid-Fryslân noch altyd ûnderoan mei 1 punt út 7 wedstriden.