Sven Kramer keapet miljoenepleats yn Amstelveen

Sven Kramer ferlit Fryslân. De reedrydkampioen fan It Hearrenfean hat in hûs kocht yn Amstelveen. Dat meldt Bekendeburen.nl. It soe gean om in wenpleats fan goed 2 miljoen euro mei útsicht op de Amstel en de greiden. Neffens de webside hoegde Kramer der gjin hypoteek foar ôf te sluten en hat er mei eigen jild betelle.
Nei alle gedachten sil Kramer him der delsette mei syn freondinne Naomi van As. De reedrider en de hockeyster hawwe sûnt 2007 in relaasje. Sûnt dy tiid pindelen de beide sporters tusken It Hearrenfean en Amsterdam.