Triemstra-en-dy winne Gouden Willem Partij yn Menaam

De Gouden Willem Partij by it manljushaadklasse keatsen yn Menaam is sneintemiddei wûn troch it partoer Bauke Triemstra, Dylan Drent en Patrick Scheepstra. Yn de finale wiene se mei 5-5 6-0 te sterk foar Johan van der Meulen, Alle Jan Anema en Hylke Bruinsma. Patrick Scheepstra waard útroppen ta kening. It tredde plak wie foar Menno van Zwieten, Pier Piersma en Hendrik Kootstra.
Van der Meulen stoppet
Johan van der Meulen hat snein syn ôfskied oankundige. Hy stoppet nei dit seizoen mei keatsen. Van der Meulen sit yn it nije seizoen noch sûnder partoer en wol der no mei ophâlde. "It is moai west. It is klear. Ik wol noch wol ris ynfalle, mar foar my hat it moai west", sa seit Van der Meulen.