Auto baarnt út by finzenis yn Ljouwert

© Robert Jan Boonstra
Op it parkearterrein by de finzenis oan de Holstmeerweg yn Ljouwert is sneontejûn in auto útbaarnd. De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle, mar koe net foarkomme dat de auto swier skansearre rekke. De oarsaak fan de brân is net bekend. De plysje giet út fan brânstichting.
Op Burgernet is dêrom in oprop dien om út te sjen nei in swarte scooter mei in bestjoerder mei donkere klean oan en in wite helm op.