Arriva nimt meardere buslinen oer fan QBuzz

© Omrop Fryslân, Alle Faber
Ferfierder Arriva fan It Hearrenfean nimt mei yngong fan desimber meardere buslinen tusken Fryslân en Assen oer fan konkurrint QBuzz. It giet om de buslinen 14, 15, 18 en 19 fan Assen nei It Hearrenfean, Easterwâlde, Drachten en Ljouwert. Dat is it gefolch fan it gearfoegjen fan de kontrakten foar de buslinen yn Súdeast-Fryslân en op de Waadeilannen.
Arriva wûn dy oanbesteging. QBuzz tekene earst noch beswier oan tsjin it gunnen fan it kontrakt oan Arriva, mar hat dat beswier ynlutsen.