Winkeldieven oanhâlden yn Ljouwert

© ANP
De plysje hat woansdeitemiddei yn Ljouwert ferskate winkeldieven oanhâlden. Sa hie in man út de stêd by in winkel oan it Hoeksterpaad twa drûge woarsten stellen. De Ljouwerter waard betrape en dêrnei oanhâlden troch de plysje. It die bliken dat de fertochte noch in selstraf fan tweintich dagen iepenstean hie. Hy moast dêrom op it plysjeburo bliuwe.
Ek in stellende frou waard betrape op it Hoeksterpaad. Nei har oanhâlding die bliken dat de frou dêrneist noch fertocht waard fan mishanneling. Dêrop waard se troch de plysje ynsletten. By de supermerken by Lieuwenburg wie in 36-jierrige Ljouwerter betrape op it stellen fan in hiele winkelwein fol mei boadskippen. De man is troch de plysje oanhâlden en moat as straf 350 euro betelje.