Postma net folle better yn tredde race

Pieter-Jan Postma (argyffoto) © Robert Deaves/Finn class
Pieter-Jan Postma is as tolfde einige yn syn tredde race yn de Finn-klasse op de Olympyske Spelen. Dêrmei komt hy op in achttjinde plak yn it klassemint. Tiisdei wie mei in fjirtjinde en trettjinde plak ek al net in geweldige dei foar Postma.
De Sloveen Vasilij Zbogar giet oan kop yn it klassemint.
Mis neat fan de Olympyske Spelen: folgje ús liveblog en al it nijs op omropfryslan.nl/os of op de Omrop-app.