Woudagemaal wurdt restaurearre

In part fan it Woudagemaal by De Lemmer wurdt no moandei foar in part droechlein fanwege in restauraasje. Dat bart troch it pleatsen fan twa stielen skotten. Dêrnei pompet de oannimmer ien fan de stoommasjines droech, sadat dy restaurearre wurde kin.
Meiïnoar binne der fjouwer stoommasjines dy't restaurearre wurde. De kosten wurde rûsd op fjouwer miljoen euro. Besikers kinne yn de renovaasjeperioade gewoan in besite oan it gemaal bringe en de restauraasje sjen. Dat kin foar it earst op 12 maaie, op de Nationale Molendag.