Ljouwerter brânwacht fiert wer aksje foar pensjoen

Brânwachtaksje © Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
De brânwacht Ljouwert freget woansdeitemiddei opnij omtinken foar in bettere pensjoenregeling. Dat wurdt dien by in dûkoefening op de Nijstêd yn Ljouwert. Nei de oefening kinne der fragen steld wurde oan de brânwachtminsken en kin ek ûnderfûn wurde hoe't it is om mei dûkmateriaal te wurkjen.
Yn it hiele lân fiert de betelle brânwacht al langer aksje foar in bettere pensjoenregeling. De brânwacht Ljouwert hat him dêrby oansletten, mei publyksfreonlike aksjes.