Gemeente Hearrenfean warskôget foar rioelskjinmakkersbedriuw

Rioel © ANP
De gemeente Hearrenfean warskôget har ynwenners dat de gemeente net gearwurket mei it rioelskjinmakkersbedriuw Afvoercheck. Neffens guon meldingen dy't by de gemeente binnen kamen, soene meiwurkers fan it bedriuw sein ha dat se mei de gemeente gearwurkje.
Op de eigen webside seit it bedriuw dat der by harren ek klachten kaam binne fan klanten dy't tochten dat it bedriuw gearwurke mei gemeenten. It bedriuw sil maatregels treffe om dit soarte fan misferstannen tenei foar te kommen.