Gjin terreur of driging, 'bommelding' wie misferstân
De 30-jierrige Ljouwerter dy't moandeitemiddei yn de stêd Grins oanhâlden is, omdat er drige dat dêr in bom ôfgean litte soe, is wer frijlitten. Neffens de plysje is der gjin sprake fan terreur of in driging. It ynsidint yn winkelsintrum Selwerd ûntstie neffens de plysje troch spraakbetizing.
Nei ûndersyk fan ûnder oare bewakingsbylden die bliken dat der in miskommunikaasje wie tusken de tsjûge en de melder en dat der gjin sprake wie fan in bom.