Plysjeman ûntslein foar dronkenskip op wurk en yn auto

Plysjesjef Oscar Dros fan de Plysje Noard-Nederlân hat in meiwurker ûntslein, omdat de man ûnder oare dronken op it wurk ferskynde. De plysjeman siet boppedat in tal kearen mei alkohol op achter it stjoer. De plysjemeiwurker wie al op non-aktyf steld yn ferbân mei plichtsfersom. Tsjin de persoan rint ek noch in strafrjochtlik ûndersyk yn ferbân mei riden ûnder ynfloed.
De plysje wol net sizze út hokker provinsje de ûntsleine plysjeman komt.