Ljouwerter oanhâlden foar falske bommelding yn Grins

© ANP
De plysje fan Grins hat moandeitemiddei in 30-jierrige man út Ljouwert oanhâlden, omdat er drige dat er in bom ôfgean litte soe. Dat wie yn in winkelsintrum Selwerd yn it noarden fan de stêd Grins. Tsjûgen hearden him neffens de plysje roppen: "Allahu akbar. Ik heb een bom."
De man út Ljouwert koe binnen tsien minuten oppakt wurde. Hy hie in rêchsek by him, mar dêr siet neat yn. De plysje hat it winkelsintrum ôfset, mar dat is yntusken wer frijjûn. De plysje is noch wol mei in ûndersyk oan de gong.