Gjin medalje foar Marrit Steenbergen op 4x100 meter
Marrit Steenbergen is der mei it Nederlânske estafette-team net yn slagge in medalje te heljen op de 4x100 meter frije slach op de Olympyske Spelen. Nederlân waard fjirde. Australië pakt goud, Amearika sulver en Kanada brûns. Nederlân, mei njonken Steenbergen ek Ranomi Kromowidjojo, Femke Heemskerk en âld-Drachtster Inge Dekker, einige hast in sekonde efter de nûmer trije. Fjouwer jier lyn wûn Nederlân sulver op dit ûnderdiel.
Nederlân waard fjirde yn in tiid fan 3.33,81. De Aussies wiene oppermachtich yn in tiid fan 3.30,65. De Kanadezen swommen nei it tredde plak yn 3.32,89. Steenbergen moast as earste en klokte 54.29. Dêrmei wie Steenbergen stadiger as yn de searjes en sette se de sechsde tiid del. Ek Dekker en Heemskerk stelden teloar kwa tiid en slotswimster Kromowidjojo koe as lêste it gat net mear tichtsje mei de nûmer trije Kanada.
Mis neat fan de Olympyske Spelen: folgje ús liveblog en al it nijs op omropfryslan.nl/os of op de omropapp.