Hûs fan himp moat himpgebrûk promoatsje

It earste hûs yn Fryslân dat boud is fan himp, stiet tydlik achter de Blokhúspoarte yn Ljouwert. Dêr kinne minsken sjen hoe't himp ferwurke wurdt. Want neist boumateriaal foar huzen is himp foar fan alles geskikt.
It Hemp Collective wol it gebrûk fan himp stimulearje en dan giet it net om smokerij. Yn it demonstraasjemodel fan it himphûs is te sjen dat fan himp ûnder oare tee, koekjes en oar iten te meitsjen is. Mar der kin ek tou, isolaasjemateriaal, medisinale oalje en klean fan makke wurde.
De himp wurdt yn Grinslân ferboud. Yn Fryslân binne ek in pear fjildsjes. Der binne mar twa ferbouwers fan yndustriële himp yn Nederlân. It soe eins folle mear brûkt wurde moatte, fynt it Hemp Collective. It is duorsum te ferbouwen en folslein recycleber. Mar der hinget noch wat in negatyf imago oan it produkt, fanwege de koffiesjops.
Alle produkten binne yn it himphûs te sjen en te priuwen. It himphûs hat earst yn Amsterdam stien. No stiet it oant mids septimber yn Ljouwert.