Profesjonele poetsbeurt foar Jouster winkels

De fernijde Tolhúsbrêge op De Jouwer © Robin de Vries
Winkels yn it sintrum fan De Jouwer krije heal septimber in profesjonele poetsbeurt, dy't de ûndernimmers oanbean wurdt troch de gemeente De Fryske Marren. De Merk, Sinnebuorren, de Kolk en de Tolhúsbrêge yn it sintrum fan it doarp binne de ôfrûne tiid opknapt en de winkellju ha der lêst fan hân.
Om wat werom te dwaan biedt de gemeente no oan om de gevels skjin te meitsjen. It giet om de ruten, kezinen en de luifels fan de winkels. De poetsbeurt wurdt dien troch in skjinmakbedriuw út De Jouwer.