Favoryt partoer Van der Bos fljocht yn earste omloop út PC

It partoer Van der Bos dat dit jier favoryt wie foar de winst op de PC is der yn de earste omloop útflein. Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger ferlearen mei 5-3, 6-6 fan Bauke Triemstra, Dylan Drent en Partick Scheepstra. Ferline jier wûn it partoer fan Gert-Anne van der Bos de PC.
Daniël Iseger hie fuort nei ôfrin de triennen yn de eagen. Foar him wie it de lêste PC. "Godverdikke man! We geane fleanend fan start, en moasten eins op 4-0 stean. Mar we stean 2 gelyk. Ik mei sizze dat we it self ferknoeid ha..."
Foar Taeke Triemstra wie it in bysûnder ferlies. It wie syn broer Bauke dy't de oerwinning pakte. De beide Triemstra's hienen leaver net yn de earste omloop tsjin mekoar oer stien, seinen se moandei fuort nei de lotting.