Douwe Visser fan 14 nei 1: "De race fan myn libben"

Snits hat de twadde wedstriid fan it SKS skûtsjesilen, by De Feanhoop, wûn. Akkrum dy't startnûmer 1 lotte hie, lei lang op kop. Snits starte as nûmer 14, en wist yn de wedstriid trettjin skûtsjes yn te heljen. Douwe Visser sylde de "race fan syn libben", sa't er sels sei. Flak foar de lêste tonne, pakte er de kopposysje oer fan Akkrum.
Pieter Meeter fan Akkrum waard twadde, Alco Reijenga fan it Hearrenfeanster skûtsje waard tredde.
De folchoarder fan finishen yn De Feanhoop is fierders: 4. Starum, 5. Langwar, 6. De Lemmer, 7. Grou, 8. De Jouwer, 9. Heale Moanne, 10. Drachten, 11. Earnewâld, 12. Wâldsein, 13. Ljouwert en 14. Huzum. Yn it algemien klassemint stiet Snits boppeoan. Tiisdei is de wedstriid by Earnewâld.
Al it nijs oer it skûtsjesilen is te finen yn ús skûtsjedossier. Sjoch foar de folsleine útslach en it klassemint op de skûtsjeside.