Postauto rydt de sleat yn yn Sint-Anne

By Sint-Anne is moandei in bestelwein fan TNT de sleat yn riden. Dat barde op de Jakesreed. De brânwacht hat de bestjoerder út de auto weihelle. Hy is nei it sikehûs ta brocht. Wat de oarsaak fan it ûngelok is, is noch ûnbekend.