Bauke Mollema wint de Clásica San Sebastián

Bauke Mollema hat de 36e edysje fan de Clásica San Sebastián op syn namme skreaun. De hurdfytser fan Trek-Segafredo ried gelyk nei de top fan de Murgil Bidea, de lêste klim fan de koers, fuort fan Alejandro Valverde, Joaquim Rodriguez en Tony Gallopin. Mollema ried solo nei de einstreek yn Donostia/San Sebastián.
De Frânsman Gallopin waard twadde, foar Valverde. Foar Mollema is de winst yn de wrâldtoerwedstriid ien fan de wichtichste oerwinnings yn syn karriêre. It is ek in geweldige opstekker nei de drege lêste wike yn de Tour.
Yn dy wike ferspile Mollema in top-3 klassearring. Foar de 'moraal' fan Mollema is de winst yn San Sebastián, sa flak foar de Olympyske Spelen, in goeie saak. De lêste Nederlanner dy't de Baskyske klassiker wist te winnen wie Erik Dekker yn it jier 2000. "Ik woe altyd al sa'n Baskyske pet hawwe", sei Mollema nei ôfrin fan de wedstriid. De winner fan de Clásica San Sebastián krijt tradisjoneel in Baskyske txapela op de holle.