Wurk oan Thialf giet troch yn de boufak

Boufak of net, de bou fan it nije iisstadion Thialf giet de kommende wiken gewoan troch. Neffens directeur vastgoed Willem van Elsakker fan Thialf is dat nedich om it nasjonale topsportstadion op tiid op te leverjen. De opleverdatum is bepaald op 15 oktober en sa't de stân fan saken no is wurdt dy datum helle. De ôfrûne wike waard op Thialf hurd wurke wurdt oan hal, terrein, dak en plafonds.
De kommende wiken wurde ûnder oare 5100 sinnepanielen op it dak pleatst.
Dy soargje foar goed 25% fan wat it nije Thialf nedich hat oan enerzjy. De enerzjyrekken fan it gruttere, nije Thialf wurdt dêrtroch in stik leger as dy fan it âlde Thialf. It nije iisstadion krijt neffens Van Elsakker in folslein oare útstrieling. Yn de iishal dominearje de kleuren blau en wyt. Yn de hal is ek aardich wat bûtenljocht te sjen troch in glêzen wand boppe de tribunes.
De topsporters krije yn it nije Thialf in eigen yngong nei in eigen ôfdieling mei sporthal, klaaikeamers, dûsen en romtes foar de fysioterapy. De topsporters koene yn in aparte kommisje meiprate oer de ynrjochting fan de iishal. Thialf hat dêr goed nei harke. Sa komt der yn de tunnel nei it middenterrein in ekstra húske foar wedstriidriders dy't krekt foar de start noch wat wetter kwyt wolle.
Foar besikers fan wedstriden is der ek in aparte yngong oer in nije trep by de yngong fan it gebou. Se bedarje dan fuort op de ring efter de tribunes. It tal sitplakken bliuwt mei 12.000 gelyk oan it âlde Thialf.
Nei de oplevering fan it iisstadion tinkt Thialf noch in pear wike dwaande te wêzen mei de ynrjochting fan it gebou. Thialf is fan doel om begjin novimber in iepen dei te hâlden foar alle iisklups en leafhawwers. Oanslutend giet de nije iisbaan iepen foar sawol de topsporters as de rekreanten. Ein 2016 of begjin 2017 komt der ek noch in offisjele iepening.