Hantekeningen foar ekstra kongres oer bernepardon

© ANP
Fan de 2.500 hantekeningen fan PvdA-leden dy't nedich binne foar in ekstra kongres oer in rommer bernepardon, binne der no sa'n tûzen binnen. Dat seit PvdA-lid Chris van Beek fan Easterlittens. Mei PvdA-lid Ester van Dijken út Winsum rôp er in moanne lyn op ta it ekstra kongres. Van Beek hat er alle betrouwen yn dat de hantekeningen en dêrmei it kongres der komme. Neffens him komme der no wat minder hantekeningen binnen fanwege de fakânsje, mar rint it noch hieltyd aardich troch.
In mearderheid fan de PvdA-leden wol in rommere regeling foar it bernepardon, mar de partijlieding wol dêr net oan. In rommer bernepardon betsjut dat mear jonge asylsikers yn Nederlân bliuwe kinne.