UPDATE: Gesin ferwûne by ûngelok Wynjewâld

© De Vries Media
In 36-jierrige frou út Tytsjerk is freedtemiddei slim ferwûne rekke by in ûngelok op de N381 by Wynjewâld. Har trije bern fan 7 en 9 jier dy't yn de auto sieten rekken ek ferwûne. De slachtoffers binne nei it sikehûs yn Drachten brocht. De frou is nei alle gedachten yn de berm telâne kaam, en mei de auto oer de kop slein doe't se de dyk wer op ried.
De plysje tocht earst dat de man fan de frou ek ferwûne rekke wie, mar dy siet yn in oare auto en hie neat.