Ravaazje op de A7, frachtwein knalt op camper

Op de A7 fan Boalsert nei Snits is tongersdeitemoarn in frachtwein achterop in camper knald. Dat barde by de Krúswetterbrêge by Boalsert. Troch de klap ûntstie in grutte ravaazje op de dyk. It ferkear moat oer de flechtstrook.
Der rekke net ien ferwûne by de botsing. De frachtwein en de camper moasten fuortsleept wurde.