Koaihúske yn Goaijengeamieden is in grutte winsk

Tusken de Koaiwei en de Griene Wei oan de noardkant fan de Snitser Mar wol Steatsboskbehear in koaihúske delsette. Dy moat by de einekoai yn de Goaijengeamieden komme om sa frijwilligers en besikers in ûnderkommen te jaan. Probleem is dat de natoerorganisaasje foar it behear fan de koai gjin sint krijt en dat it dus oankomt op help yn natura of jild om it plan út te fieren. De crowdfundaksje stiet takom wike op de website Buitenfonds.nl en op 6 en 7 augustus binne der iepen dagen.
Op it stuit stean der twa keten. Mar dy binne eins net goed mear. Sa hâlde dy al it wetter net mear bûten. It soe net it earste koaikerhúske wêze op dizze lokaasje. Der binne stikken fûn fan it âlde gebouke mei wat diggels en munten.