Bauke Mollema: Bliid dat Tour derop sit

© ANP
Bauke Mollema is as 11e einige yn de Tour de France. Snein wie de lêste etappe, mei oankomst op de Champs-Elysées yn Parys. De Ljouwerter ferspile freed it 2e plak yn it klassemint troch in fal. Hy is bliid dat er nettsjinsteande de blessueres en de negative emoasjes troch de fal de Tour dochs útriden hat.
"Ik ben blij dat het erop zit. Langzaam maar zeker besef je dat het gedaan is en heeft het geen zin meer er nog meer negatieve energie in te steken. Ik kom terug en dan ga ik vechten om hier alsnog op het podium te staan", seit Mollema.
Mollema rydt de kommende tiid inkelde kriteariums en de Clásica San Sebastian en reizget dêrnei ôf nei Rio de Janeiro foar de Olympyske Spelen.