Werynrjochting fan de Splitting yn Drachten start takom jier

De gemeente Smellingerlân begjint takom jier mei de werynrjochting fan de trochgeande dyk de Splitting yn Drachten. Troch de nijbou fan de Friese Poort is de ferkearssituaasje bot feroare. De yngong fan de skoalle sit no oan de Splitting, earder siet dy yn strjitte derachter. Dat soarget foar flink mear ferkear op de dochs al drokke rûte.
Op de Splitting wurde fytsers en auto's tenei fan mekoar skieden. Fierder komme der twa oerstekplakken. De bushalte Splitting wurdt ferpleatst nei de nije yngong fan de Friese Poort.
Werynrjochting
Dêr komt ek nij grien. De werynrjochting kostet 4 miljoen euro. De gemeente Smellingerlân en de provinsje betelje beiden de helte.