Mollema sakket nei plak alve yn klassemint Tour

© ANP
Bauke Mollema is wer in plak sakke yn it algemien klassemint fan de Tour de France. De Ljouwerter waard yn de foarlêste etappe fan sneon 36e en sakke nei it alfde plak yn it klassemint. Hy hat in efterstân fan mear as 13 minuten op de drager fan de giele trui, Chris Froome. Snein wurdt de lêste rit riden, mei oankomst op de Champs-Elysées yn Parys.
Ferlotting shirt
Wa't in oantinken oan de dramatyske Tour-de-France-etappe fan freed ha wol, moat der fluch by wêze. Bauke Mollema ferlottet syn tourshirt. Op Twitter. Mei in bytsje bloed, swit en triennen, skriuwt er der by. Mollema kaam freed te fallen yn de Tour, en hy sakke yn it klassemint fan it twadde plak nei de it tsiende plak.