Weening: "Dit is sa skande foar Bauke Mollema"

"Skande. Wat in domme pech." Sa omskriuwt hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema de dei foar de Nederlanners freed yn de Tour de France. Tom Dumoulin foel út mei in brutsen bonke yn de ûnderearm en Bauke Mollema ferspile nei in falpartij syn poadiumplak.
Weening kin Mollema goed, se rieden beiden foar de Raboploech. "Ik haw ek noch wolris kontakt mei him. Dit is echt in ramp foar him."
Op de limyt
Weening folget de Tour de lêste dagen wol en seach de falpartijen freed dus ek. "Dit is krekt dêr't je net op hoopje. Mar doe't er foel, tocht ik fuortendaliks al 'bliksem, no giet it net goed'. It wie in lêstige ôfdaling."
"Hy hie der miskien noch bykomme kind, mar dan sitst fuort al op de limyt en dan moast noch begjinne oan de lêste klim. En de konkurrinsje seit ek net 'we wachtsje efkes'. Dy fytse wol troch."
Sa tsien minuten ferlieze
Neffens de Harkyt is it dreechste part fan in grute ronde it lêste wykein yn de bergen. "Dan rekkenje minsken harren al ryk. Dat dogge wy yn Nederlân ek hiel gau. Wylst je op in minne dei yn de bergen sa tsien minuten ferlieze kinne. Mar dit is echt hiel skande foar Bauke."