Flater by DNA-ûndersyk Ljouwerter sedefertochte

It Nederlands Forensisch Instituut (NFI) hat in flater makke by it ferwurkjen fan it DNA fan in Ljouwerter. It giet om in 29-jierrige man dy't fertocht wurdt fan sedemisdriuwen. It DNA fan de man waard op 30 maaie ynfierd yn de databank, mar dêrby waard in flater makke. Pas by in twadde kontrôle op 21 juny waard it DNA yn ferbân brocht mei de Ljouwerter. Dy waard dêrop oanhâlden. Yn de tuskenlizzende trije wiken hat de man besocht in 31-jierrige frou út Ljouwert te ferkrêftsjen en te mishanneljen.
It NFI erkent dat dat net bard wie as de link mei de man earder lein wie. It slachtoffer is dêr yntusken fan op 'e hichte brocht. De man wurdt yn alle gefallen fan noch twa oare saken fertocht, mar dy fûnen foar 30 maaie plak. It giet dan ûnder oare om it ferkrêftsjen fan in 60-jierrige frou yn de Ljouwerter blommebuert. Dy saak krige in soad omtinken, ûnder oare yn it lanlike telefyzjeprogramma Opsporing Verzocht.