Skippersportret Jeroen Pietersma

Alve dagen, fjirtjin skûtsjes. Mei it SKS skûtsjesilen stride fjirtjin skûtsjeskippers twa wiken lang tsjin inoar op de Fryske marren. Mar oer wa hawwe wy it dan eins en hoe pakke sy de silerij oan? Wy lizze alle skûtsjeskippers in pear fragen foar. Hjoed is it de beurt oan Jeroen Pietersma
Jeroen Pietersma is sûnt 2014 de skipper fan “De Twee Gebroerders” fan Drachten. Earder wie hy skipper op it skûtsje fan Langwar, bemanningslid op dat skûtsje, mar ek op De Sneker Pan en it skûtsje fan Huzum en sylde hy by syn broer Gerhard Pietersma op it skûtsje fan Earnewâld. Wy lizze Jeroen fjouwer fragen foar.
Wat wie dyn earste taak op it skûtsje?
“Myn earste taak oan board wie pylder, mar dat haw ik mar twa moanne dien. Dêrnei waard ik al swurdeman. Ik fûn it skitterjend om einlik ris mei te gean op in skûtsje. As bern boarten wy altyd al op it skûtsje, dan wiene wy sabeare oan it wedstriidsilen. Mar dan is der einliks dat momint datst mei meist mei de grutte mannen. In prachtich momint.”
Hokker wedstriid is dy it measte bybleaun?
“Fansels binne der yn de rin fan ‘e jierren in hiel soad wedstriden west dy’t my bybleaun binne. Lykas de earste kear kampioen wurde mei Douwe Visser op de Sneker Pan, of omslaan mei Drachten boppe-op it skûtsje fan It Hearrenfean en wer oerein lutsen wurde troch datselde skûtsje. Wy wûnen dy wedstriid ek noch. Mar it moaiste wie fansels dochs de wedstriid by Starum yn 2014. It wie myn earste jier as skipper op it Drachtster skûtsje. De hiele wedstriid leine wy oan kop, mar der kaam in wynskifting en wy waarden ynhelle troch De Jouwer. Mar wy bleaune rêstich en pakten De Jouwer werom om dêrnei as earste oer de einstreek te gean. Tolve grutte keardels dy’t stiene te gûlen fan blydskip. It earste jier as skipper en dan direkt in wedstriid winne. Prachtich moai, om nea wer te ferjitten.”
Hoe makkest fan de bemanning in team?
“Ik bin net in skipper dy’t fier boppe de bemanning stiet. Ik bin lykas harren ien fan de ploech. Fansels nim ik de lieding wannear’t dat nedich is, mar wy binne ek freonen en akseptearje krityk fan inoar. Dit jier binne wy begûn mei teambuilding om de kommunikaasje better te krijen. Nei ôfrin fan in training evaluearje wy it silen, ûnder it genot fan in bierke. Efkes lekker âldehoere mei syn allen om de folgjende dei wer de fokus op de wedstriid te krijen.”
Wat is dyn favorite fakânsjebestimming?
“Myn favorite fakânsjebestimming is lekker farre mei ús skip. Fansels giet it skûtsjesilen foar alles, mar de wike dêrnei geane wy altyd in wike te farren. Yn dy wike efkes hielendal neat mei skûtsjes mar lekker in stikje farre, om dêrnei in moai plakje te sykjen om te barbecuen, te fiskjen en in bierke te nimmen. Koartsein: de holle leech meitsje nei alle drokte fan de ôfrûne wiken.”
Sjoch foar alle skippersportretten yn ús dossier. Alles oer it skûtsjesilen is te folgjen op Omropfryslan.nl/skûtsjesilen.