Wurkleazens yn Fryslân nimt fierder ôf

UWV © ANP
De wurkleazens yn Fryslân is yn juny fierder ôfnaam. Dat meldt it UWV tongersdei. De ôfrûne moanne wienen der goed 18.000 wurkleazen, 5,7 persint minder as yn de moanne derfoar. Dat betsjut dat 5,5 prosint fan de beropsbefolking yn Fryslân no sûnder wurk sit.
Yn de earste helte fan dit jier lei it tal nije WW-útkearingen yn Fryslân hast elke moanne leger as yn 2015. Utsûndering is febrewaris. Doe kamen der in soad frijwilligers by nei falliseminten fan meardere winkels.
Ekonomysk werstel
De ôfname fan it tal wurkleazen wiist neffens it UWV op ekonomysk werstel. Yn fergelyk mei in jier lyn gie it tal wurkleazen noch wol omheech, dat jildt foar Fryslân, Grinslân en Drinte.