Motorrider omkommen nei botsing tsjin beam by Easterwâlde

Op de Weperpolder by Easterwâlde is woansdeitejûn in 34-jierrige motorrider út Niebert ferûngelokke. De bestjoerder is fan de dyk rekke en tsjin in beam flein. Hoe't dat gebeure koe is net bekend, dêr docht de plysje noch ûndersyk nei.
De dyk (N919) waard fanwege de helpferliening ôfsletten. Foar dy helpferliening waard ek in traumahelikopter oproppen.